1. It Ingelsk is de nasjonale taal yn de Feriene Steaten mar hat op federaal nivo net it steat fan offisjele taal.
De Feriene Steaten fan Amearika (FSA of yn 't koart FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten is nei Kanada en Ruslân de tredgrutste steat fan de wrâld wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.
De skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin kolony's dy't har yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren fan Grut-Brittanje. Troch útwreiding fan it steatsgebiet nei it westen ta en in trochgeande ymmigraasje út Jeropa wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wie de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten is permanint lid fan de FN feiligensried en is oprjochtingslid fan de NAFO. Nei de ein fan de Kâlde Kriich is de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 20 jannewaris2021Joseph R. Biden.
It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinintale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline wengebiet fan in grut tal lânseigen Amerikaanske folken en waard fan de 16e iuw ôf kolonisearre troch Spanje, Frankryk, Nederlân en Ingelân. As resultaat fan de Frânske en Yndiaanske kriich fan 1754 oant 1763, naam Grut-Brittanje de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan Kanada en parten fan it hjoeddeistige Illinois en Ohio. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersetten tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Trettjin koloanjes ferklearren yn 1776 harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich. Yn 1783 erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en waard in regear foarme dat yn 1789 aktyf waard. Yn de rin fan de folgjende iuw ûntstiene hieltyd gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan 1861 oant 1865 ta in boargerkriich. De ein fan de 19e iuw koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialisaasje en tafloed fan miljoenen ymmigranten. Yn de 20e iuw hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de Earste en Twadde Wrâldkriich.
Yn de Kâlde Kriich fochten de Feriene Steaten en de Sowjetuny as supermachten om Jeropa en foar mear sizzenskip yn de wrâldpolityk. De Feriene Steaten besocht dat fia de NAFO, de kommunistysk Sowjets hienen dêrfoar harren eigen alliânsje, it Warsjaupakt. Alhoewol't it net ta in direkte kriich kaam, fochten Amerikaanske troepen tsjin kommunistyske Sineeske troepen yn de Korea Kriich fan 1950-53. De Sowjets makken yn 1961 de earste bemanne romtereis, de Amerikanen hienen yn 1969 as earste in man op de moanne krigen. De spanningen tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny wienen op in hichtepunt doe't de Sowjetuny nukleêre wapens op Kuba stasjonearre. Yn de sechtiger jierren groeide de minskerjochtebeweging ûnder Martin Luther King. Nei de deadlike oanslach op Kennedy yn 1963, waard de Civil Rights Act fan 1964 en de Voting Rights Act fan 1965 ratifisearre ûnder presidint Lyndon B. Johnson. Tusken 1959-75 fochten Amerikaanske troepen tsjin de kommunistyske Fietkong yn de ûnsúksesfolle Fietnam-kriich. Mei de tiid boaze it tal tsjinstanners fan de kriich oan, it swarte nasjonalisme groeide, it feniminisme groeide en út de Feriene Steaten wei wreide de seksuele revolúsje him út oer de westerske wrâld. Troch it Watergate skandaal fan 1974 waard Richard Nixon de earste Amerikaanske presidint dy't ôftrede moast foar de ein fan syn presidintstermyn. Jimmy Carter waard twa kear keazen as presidint. Hy wie benammen sterk yn diplomasy mei de Sowjetuny. Mei de fal fan de Sowjetuny kaam der in ein oan de Kâlde Kriich.
Nei de Kâlde Kriich bleau de Feriene Steaten oer as iennige supermacht op ierde. Dêrby hienen hja ek in liedende rol yn de Golf Kriich en de kriich yn it eardere Joegoslaavje. Troch in seksskandaal yn 1998 kaam Bill Clinton wat nuver yn it nijs, mar hy bleau sitten as presidint. By de presidintsferkiezings fan 2000 waard George W. Bush presidint. Op 11 septimber2001 fleane Al Kaida terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn New York City, it Pentagon by Washington, D.C., likernôch trije tûzen minsken rekken dêrby dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism". Dy't oan 'e ein fan 2001 begûn mei in Amerikaanske ynvaasje yn Afganistan, dêr't de Amerikanen de Taliban by út it lân reagen. De Taliban feroare har taktyk en begûn mei in gueriljakriich. Yn 2002 woe it Bush regear in rezjymwiksel yn Irak ha. De NAFO en de Feriene Naasjes stipen de Feriene Steaten hjirby net, wêrtroch it Bush regear begjint mei in "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen). De koalysje foel Irak oan yn 2003 en mei in moanne wie de Irakkriich wûn en de diktator Saddam Hussein fuort. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken op it mêd fan minskerjochten.[1] Op 4 novimber2008, middenmank de kredytkrisis, wurdt Barack Obama keazen as presidint. Hy is de earste swarte presidint fan de Feriene Steaten.
Geografy
Grinzen & swetten
Yn it noarden grinzet de Feriene Steaten oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan.
De steat Alaska leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat Hawaï. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.
De grins mei Kanada is 8.895 kilometer lang (wêrfan allinnich al 2.477 kilometer grins tusken Alaska en Kanada). De grins mei Meksiko yn it suden is 3.326 kilometer lang. De kustliny mei de Atlantyske Oseaan, Pasifyske Oseaan en de Golf fan Meksiko is 19.924 kilometer lang. Fan de Kanadeeske grins yn it noarden nei de Meksikaanske grins yn it suden is sa likernôch in ôfstân fan rûchwei 2.500 kilometer. Fan de Atlantyske nei de Pasifyske is sa'n 4.500 kilometer.
Geology & geakundige yndieling
Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oant yn Wyoming en Kolorado, dêr't in pear fan de heechste toppen fan it Rotsberchte lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.
Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte einiget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de Bering Strjitte foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de Bering See beheine.
Hawaiï is in rige fan eilânen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas Porto Riko, Gûam en Amerikaansk-Samoa.
By de ûnôfhiklikensferklearring yn 1776 wienen der mar 13 steaten.
Alaska is de grutste steat (1.700.578 km²), en Rhode Island de lytste (4.003 km²). Kalifornje hat it grutste tal ynwenners (33.871.648 in 2000), wylst Wyoming it lytste tal ynwenners hat (493.782 yn 2000). Yn de lette 20e iuw woeksen de ynwennertallen fan Nevada, Arizona, Kolorado, Uta, Georgia en Teksas it hurdst. West Firginia, Noard Dakota en it Distrikt fan Kolumbia hienen yn dyselde rite te krijen mei in delgong fan it tal ynwenners.
Klimaat
De Feriene Steaten hawwe ferskate klimaattypen. Alaska hat in arktysk klimaat, mei dêrby de heechste bergen fan de Feriene Steaten (Mount McKinley, 6195 meter). Hawaï hat in tropysk klimaat mei tropysk reinwâld, en it suden fan Florida hat de tropyske savannen fan de Everglades. De hûndertste meridiaan is ornaris de skiedsline tusken de drûge en fochtige klimaten. Westlik fan de hûndertste meridiaan hearsket in frijwat drûch steppeklimaat, eastlik dêrfan is it klimaat oer it generaal fochtich. It noardeasten fan de Feriene Steaten hat in fochtich, kontinintaal klimaat. Yn grutte berchgebieten lykas de Rocky Mountains, de Sierra Nevada, en de Cascade Range oerhearsket in berchklimaat (alpine climate). Yn it súdwesten lizze ferskate woastyngebieten. It pasifyske kustgebiet yn it noardwesten falt wol in soad rein.
Yn it midwesten komme wol gauris tornado's foar, yn it gebiet dat ek wol Tornado Alley neamd wurdt. Yn it súdeasten komme grutte tropyske orkanen foar. De Feriene Steaten hawwe mear tornado's as alle oare lannen op de wrâld mei-inoar.[2]
Fan grutte ynfloed op it klimaat is de jetstream yn de hegere atmosfear dy't grutte lege drukgebieten út it noarden fan de Pasifyske Oseaan meibringt. As dy lege drukgebieten yn kontakt komme mei oare lege drukgebieten foar de eastkust fan de Feriene Steaten, dan falle der yn 'e winter grutte sniebuien dy't Nor’easters neamd wurde.
Yn it easten fan de Feriene Steaten lizze gjin hege berchgebieten. Dêrtroch kin de kjeld him winterdeis maklik útwreidzje nei it suden, en yn 'e simmer wreidet de waarmte him maklik út nei it noarden sadat de simmers yn it noardeasten fan de Feriene Steaten en it súdeasten fan Kanada relatyf hyt wêze kinne.
Polityk
De Feriene Steaten fan Amearika hat trije machten. Leden fan it Electoral College kieze alle fjouwer jierren de lieder fan de útfierende macht, de Presidint fan de Feriene Steaten. In presidint wurdt foar fjouwer jier keazen en kin ien kear op 'e nij keazen wurde.
Mei goedkar fan de Senaat hat de presidint it foech en kies ien fan de 9 rjochters fan it Heechgerjochtshof, de rjochterlike macht. De rjochters fan it Heechgerjochthof wurde beneamd foar it libben. It Heechgerjochtshof hat it foech om te sizzen dat in wet net neffens de grûnwet is wêrtroch de wet ûnjildich ferklearre wurde kin.
Partijen en ferkiezings
Sawol op federaal as op dielsteatnivo binne de Demokraten en de Republikeinen sûnt de 19e iuw dominant. De Demokraten wurde sjoen as sintrum-links of liberaal en de Republikeinen binne sintrum-rjochts of konservatyf. De Demokraten hawwe tradisjoneel de kleur read en de Republikeinen hawwe blau. De steaten yn it noardwesten, oan de westkust en sommige steaten om de Great Lakes hinne binne bekend as "blauwe steaten". De "reade steaten" lizze foaral yn it suden, yn de Great Plains en yn de Rocky Mountains. Tusken de beide grutte partijen binne der grutte ideologyske ferskillen oer saken lykas abortus, houliken tusken homoseksuele spantsjes, de deastraf, en de autonomy fan de dielsteaten.
Lytsere partijen hawwe amper betsjutting yn de Amerikaanske polityk. Sûnt 1856 foarmje de Demokraten en de Republikein de grutste politike machtsblokken. Allinnich by de ferkiezings fan 1912 slagge it Theodore Roosevelt mei syn progressiven om as "tredde partij" mear as 20 persint fan de stimmen te krijen. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw hie Ralph Nader lytsere suksessen mei de grienen.
Ynlânske polityk
Foar de ynlânske polityk spylje moreel-etyske fragen lykas it rjocht op abortus, de deastraf, de juridyske rjochten fan homoseksuelen, en de rjochten fan (lânseigen) minderheden in belangrike rol.
Op it mêd fan medyske soarch binne de ferplichte sikefersekeringen in punt fan politike diskusje. Yn 2006 hie sa likernôch 16 persint fan de Amerikanen gjin sikefersekering.[3] Yn 1993 besocht presidint Clinton fergees om in wetlik ferplichte sikefersekering yn te fieren. Yn it jier 2010 waard ûnder presidint Obama in wet oannommen, om it medyske fersekeringsstelsel foar 2018 te herfoarmjen.
De measte steaten hawwe in wapenwet, dy't yn ferliking mei oare lannen bysûnder liberaal is. De measte Amerikanen sjogge it wapenbesit tradisjoneel as in grut rjocht, dat yn de grûnwet bewoartele is. Amerikaanske boargers kinne sûnder grutte swierrichheden in wapen en kûgels krije en it wapen mei munysje ek drage op strjitte. Mei-inoar binne der yn de Feriene Steaten mear as 200 miljoen pistoalen en gewearen yn persoanlik besit.[4] Oer de wetjouwing op it mêd fan wapenbesit is in soad diskusje. De tsjinstanners sjogge de liberale wapenwetten as de oarsaak fan relatyf hege misdiedsifers mei wapens lykas oerfallen en moarden. De foarstanners lykas de National Rifle Association (NRA) binne it dêr net mei iens en ferwize nei lannen as Kanada en Nij-Seelân, dêr't ek in soad wapens yn persoanlik besit binne en de misdiedsifers in stik leger as yn de Feriene Steaten. Dêrneist fine de foarstanners it belangryk dat minsken har sa better ferdigenje kinne tsjin kriminelen.
It homohoulik is net erkend troch it federale regear, it foech dêrta leit by de steaten. Yn 2004 wie Massachusetts de earste steat dêr't it homohoulik tastien waard. Begjin 2012 wienen der yn totaal seis steaten dêr't minsken fan itselde geslacht mei-inoar trouwe mochten. Yn Kalifornje wie it houlik tusken twa minsken fan itselde geslacht mooglik fan 16 juny 2008 oant en mei 4 novimber 2008. De legalisaasje fan homohouliken is útfjochten foar de rjochter of besletten troch in beslút fan de wetjouwende macht, mar net troch referenda.[5]
Op it mêd fan miljeu binne de Feriene Steaten nei Sina it lân mei de twadgrutste útstjit fan CO2 op de wrâld.[6] De Feriene Steaten is ferantwurdlik foar 21,44 persint fan de CO2-emysje op de wrâld.[7] Bill Clinton ûnderteken oan 'e ein fan syn amtsperioade wol it Kyoto-protokol, mar dat waard net ratifisearre troch it Kongres. Reden foar it Kongres en âld-presidint George W. Bush om net te ratifisearjen wie de eangst dat it Kyoto-protokol de Amerikaanske ekonomy skeine kinne soe. Op it mêd fan miljeu wurde der frijwillige maatregels nommen en subsydzje takend foar ûndersyk. In pear steaten lykas Kalifornje komme mei wol dúdlike regels en besykje de útstjit fan CO2 wol te ferminderjen.
Yn it jier 1973 waard abortus mooglik troch it Roe v. Wade oardiel fan de heechste rjochtbank. It foech oer abortus leit by de steaten. Ferskate steaten hawwe ekstra juridyske regels fêstlein lykas in ferplicht petear, ferplichte tiid om nei te tinken, foarskriften foar kliniken of tastimming fan de âlden by minderjierrigen.
Bûtenlânske polityk & definsje
Fan it begjin fan de ûnôfhinklikens fan de trettjin kolony's yn 1776 en oan de Earste Wrâldkriich ta sloech it politike isolasjonisme foar master op. Sels yn de Twadde Wrâldkriich wie it stribjen om sa min mooglik yn ynternasjonale saken/konflikten behelle te wurden. Mei de Earste Wrâldkriich en it ynsetten fan Amerikaanske militêren yn Jeropa moast de Feriene Steaten him foar it earst wol om bûtenlânske saken bekroadzje. Mei de oanfal op Pearl Harbor wie it isolasjonisme definityf oan syn ein kaam. Dêrfoar kaam, mei troch de Twadde Wrâldkriich en de dêrop folgjende Kâlde kriich, it politike ynternasjonalisme. De Feriene Steaten wie in supermacht wurden en sa krige bûtenlânske saken mear prioriteit as yn it ferline.
Op it mêd fan bûtenlânske polityk hat de Feriene Steaten hjoed-de-dei in (faak wichtige) stim yn ynternasjonale organisaasjes lykas de G8,[8] de G20, de NAFO en de Feriene Naasjes. Dêrmei hat in de Feriene Steaten in aardich grutte politike, ekonomyske en militêre ynfloed oer de hiele wrâld. De measte lannen hawwe ambassades yn Washington, D.C. en konsulaten rûnom yn de gruttere stêden. Oarsom hawwe oare lannen ek Amerikaanske ambassades en konsulaten. Allinnich Kuba, Iran, Noard-Korea, Bûtan en de Republyk Sina (Taiwan) hawwe gjin diplomatyske bannen mei de Feriene Steaten. Yn 2008 joech de Feriene Steaten $25,4 miljard út oan ûntwikkelingshelp, it heechste bedrach fan alle lannen op 'e wrâld. Lykwols is de Amerikaanske bydrage oan ynternasjonale ûntwikkelingshelp mei sa rûchwei 0,2 persint fan it bruto nasjonaal ynkommen in stik leger as de bydragen fan Sweden (1,04%) en it Feriene Keninkryk (0,52%). Lykwols wurde in soad goede ynternasjonale doelen net troch de steat betelle mar troch de Amerikanen sels.[9]
De Feriene Steaten hat in "bysûndere politike bân" mei it Feriene Keninkryk en sterke bannen mei Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, de Filipinen, Japan, Súd-Korea, Israel, en ferskate Jeropeeske lannen. Yn it ramt fan militêre feiligens wurket de Feriene Steaten gear mei oare NAFO-lannen en mei oare lannen yn Noard- en Súd-Amearika yn de Organization of American States. Dêrneist binne der hannelsferdraggen lykas it trilaterale North American Free Trade Agreement mei Kanada en Meksiko. Neffens in publikaasje fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje hat de Feriene Steaten 766 militêre basissen yn 40 lannen.[10] Ofhinklik fan de publike opiny yn it lân krije bepaalde bûtenlânske saken bysûnder omtinken. Dy saken wurde kategorisearre mei grutte morele titels as de "striid tsjin it terrorisme" (War on Terror), de "striid tsjin drugs" (War on Drugs) en de "striid tsjin earmoed" (War on Poverty).
It budzjet fan it Amerikaanske leger wie 574.940.000.000 dollar yn 2008.[11] Dêrmei hat de Feriene Steaten it grutste militêre budzjet fan alle lannen fan de wrâld. Nei de Folksrepublyk Sina hat de Feriene Steaten it twadgrutste leger fan de wrâld. Neffens de aktuele militêre doktrine moat de Feriene Steaten by steat wêze om witwêr op de wrâld twa ferskillende regionale konflikten tagelyk mei sukses útfjochtsje te kinnen.
De organisaasje fan de Amerikaanske definsje hat fiif haadûnderdielen: de lânmacht (Army; rûchwei 570.000 militêren), loftmacht (Air Force 335.000 militêren), marine (navy; 328.000 militêren), marinierskorps (Marine Corps; 201.000 militêren). Mei-inoar wienen dat op 31 maart 2012 sa likernôch 1.435.000 militêren.[12] De kustwacht (US Coast Guard; 43.000) is formeel gjin ûnderdiel fan it leger, mar is ûnderdiel fan it Department of Homeland Security. Yn tiden fan kriich wurdt de kustwacht lykwols ûnderdiel fan it Department of the Navy. Sawol de lân- as loftmacht hawwe (Air) National Guard Units (reservisten). De reservisten binne ornaris falle ûnder de gouverneur fan de steat dêr't se yn tsjinst lizze, mar kinne nei oanwizing fan de presidint tafoege wurde oan it Amerikaanske leger yn it bûtenlân. Sûnt de Fietnamkriich is de tsjinstplicht ôfskaft.
Demografy
Yn 1776 hie it lân mar 3 miljoen ynwenners, yn 1915 wienen dat 100 miljoen en yn 1968 200 miljoen ynwenners. Yn 2012 wenje yn de Feriene Steaten nei skatting sa'n 314 miljoen minsken.[13] Mear as 79% fan de befolking wennet yn 'e stêden (mear as de helte dêrfan wennet winliken yn de plakken om de grutte stêden hinne).
Yn it neikommende oersjoch stean de histoaryske ynwennertallen fan de Feriene Steaten:
Befolkingsgroepen
It kontinint wie foar de komst fan de Europeanen troch Yndianen bewenne. De earste Europeeske kolonisten wienen de Spanjerts, de Frânsken en de Britten. Yn de 17e iuw kamen der ek ymmigranten út it westen fan Afrika, meastal net frijwillich nei Noard-Amearika ta brocht as slaven. Healwei de 18e iuw kamen der mear Europeanen fan Dútske en Ierske komôf. Letter kamen de ymmigranten oeral út Europa wei, foaral Skandinaviërs, Italianen, East-Europeanen en Joaden út East-Europa wei. Yn de twadde helte fan de 19e iuw begûn de ymmigraasje út it easten fan Azië en it Heine Easten. Tusken 1880 en 1914 ferlieten mear as 20.000 Friezen út de provinsje Fryslân harren heitelân.[14]
Sa likernôch 70% fan de ynwenners is fan Europeeske komôf, mar dat persintaazje wurdt troch de komst fan nije emigranten minder. Dêrneist leit it bertesifer by de ynwenners fan Europeeske komôf leger as by oare etnisiteiten. It grutste part fan de oarspronklike Europeanen kaam oarspronklik út lannen as Dútslân, Feriene Keninkryk, Ierlân, Italië en Poalen.
By de folkstelling fan 2008 wienen de Latino's mei 35.305.818 minsken de grutste minderheid, wat oerienkomt mei 12,5 persint fan de befolking. Ta de Latino's wurde ûnder oaren de minsken fan Meksikaanske, Puerto-Rikaanske en Kubaanske komôf rekkene. Hja wenje foaral yn Florida en yn it súdwesten fan de Feriene Steaten. De Latino's wurde yn it Ingelsk „Latinos“ of „Hispanics“ neamd.
De Afrikaansk-Amerikaanske befolking wie 34.658.190 minsken (12,3%) fan de befolking. Sy wenje foaral yn it suden en yn de yndustrystêden yn it noarden. By de folkstelling fan 2008 waarden 10.242.998 Aziaten teld (3,6%). It grutste part dêrfan kaam fan oarsprong út Sina, Japan, Korea, Yndia en de Filipinen.
De oarspronklike lânseigen befolking, lykas de Yndianen („Native Americans“ of „American Indians“) en de Eskimo's, binne mei 2.475.956 minsken (0,9%). In tredde part fan de lânseigen befolking wennet yn reservaten. Der wienen 398.835 Hawajanen en oare Pasifyske eilânbewenners by de folkstelling, dat is rûchwei 0,1% fan de befolking. Mei elkoar hawwe de yndianen 562 erkende stammen (tribes). Dêrneist binne der noch 245 groepen dy't gjin offisjele erkenning hawwe. De Yndianen binne gjin ienheid, der binne ferskillende stammen dy't wer ûnderdiel binne fan in yndianefolk. De ferskillen tusken yndianefolken op it mêd fan taal, kultuer en religy binne relatyf grut.
Talen
It grutste part fan de ynwenners fan de Feriene Steaten praat Ingelsk, wat troch syn útspraak ek wol Amerikaansk Ingelsk neamd wurdt. Mei it Kanadeesk Ingelsk foarmet it Amerikaansk Ingelsk de Ingelske dialektgroep fan Noard-Amearika. Neist it Ingelsk wurdt op Hawaï it Hawajaansk as twadde offisjele taal brûkt. De steat Louisiana hat gjin offisjele taal, mar brûkt neist it Ingelsk ek it Frânsk yn offisjele stikken. Yn Nij Meksiko wurde nije wetten sawol yn it Ingelsk as it Spaansk skreaun, mar dy talen binne net fêstlein as offisjele talen.
It taalfoech leit yn de Feriene Steaten net op nasjonaal nivo, mar op dielsteatnivo. Op 8 maaie 2007 waard yn de Senaat in resolúsje ynbrocht foar it wetlik fêstlizzen fan it Ingelsk as nasjonale taal fan de Feriene Steaten.[15] De resolúsje helle gjin mearderheid. Oant no ta hawwe 30 steaten it Ingelsk fêstlein as offisjele taal. Yn bepaalde wetten wurde wol betingsten steld oan de taal; om it Amerikaanske steatsboargerskip te krijen sil by de ynboargeringstest oan in Ingelske taaltoets foldien wurde moatte.[16]
By de folkstelling fan 2010 waarden 382 talen teld, wêrfan 169 Yndianetalen. Talen mei mear as ien miljoen sprekkers, neist it Ingelsk, binne; Spaansk (29,7 miljoen), de Sineesk (2,2 miljoen), Frânsk (1,4 miljoen), Tagalog (1,3 miljoen), Fietnameesk (1,1 miljoen) en Dútsk (1,1 miljoen).[17] Yn Kalifornje en Florida binne ferskate county's dêr't soms in tredde fan de befolking him net yn it Ingelsk rêde kin. It grutste part fan dy minsken is ientalich Spaansk.[18]
Ferskate ôfhinklike gebieten hawwe neist it Ingelsk de eigen lânstaal as offisjele taal erkend. It Samoaansk en Gamorro binne erkend op Amerikaansk Samoa en Guam. It Karolynsk en Gamorro binne erkend op de Noardlike Marianen. Spaansk neist it Ingelsk de offisjele taal fan Puerto Riko, en is dêr meast sprutsen taal.
De Feriene Steaten is in sekulier lân, it Earste Amendemint fan de grûnwet makket dúdlik de skieding tusken tsjerke en steat. De autoriteiten meitsje op it mêd fan religy gjin offisjele sifers wrâldkundich. It United States Census Bureau mei dêr sels ek net nei freegje, mar publisearret wol resultaten út oare ûndersiken.
Neffens in ûndersyk út 2002 soe it leauwen foar 59 persint fan de Amerikanen in "hiel wichtich diel fan it deistige libben" wêze. Neffens in ûndersyk fan 2007 wie 78,4 persint fan de folwoeksenen kristen. Binnen it kristendom binne it protestantisme (51,3 persint fan de totale befolking) en it katolisisme (23,9 persint) de dominante streamingen. 4,7 fan de befolking hat in oar religy as it kristendom. De grutste net-kristlike religy's wienen it joadendom (1,7%), boedisme (0,7%), islam (0,6%), en it hindoeïsme (0,4%).[21]
Ekonomy
De Feriene Steaten ha de grutste ekonomy op de wrâld, it BYP per persoan is $45.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,2% lânbou, 19,8% yndustry en 79% tsjinsten. It is in eigen ynterne ekonomy en de ynfloed fan bûtenlânske bedriuwen is navenant lyts.
Op technologysk, medysk, militêr en romtefeart mêd rint de Feriene Steaten foarop mei de ûntwikkeling fan nije produkten. Grutte en lytse ûndernimmers ha mear frijheid as dy yn de Jeropeeske Uny en Japan by it meitsjen fan nije produkten en it ûntslaan en it oannimmen fan meiwurkers. De ekonomy fan de Feriene Steaten wurdt oer it generaal sjoen as stabyl. Ferskate oare lannen hawwe de wearde fan harren nasjonale munt keppele oan de dollar, of brûke de dollar as betelmiddel. De Amerikaanske effektebeurzen hawwe grutte betsjutting foar, en in grutte ynfloed op, de wrâldekonomy.
De Feriene Steaten binne ryk oan grûnstoffen. De Feriene Steaten besitte sa likernôch 20 persint fan de koalen, 13 persint fan de ierdoalje, en 24 persint fan de ierdgasreserven yn 'e wrâld. De oalje komt benammen út de Golf fan Meksiko, en út de steaten Alaska en Teksas. De grutste hannelspartners fan de Feriene Steaten binne de oanbuorjende lannen Kanada en Meksiko, de Europeeske Uny en de yndustrylannen yn Aazje lykas Japan, Yndia, Súd-Korea en Sina.
De oanslaggen fan 11 septimber op it WTC, de kriich yn Afganistan, de Irakkriich en orkaan Katrina ha de ekonomy skeind, mar is dêrnei weromkaam op it eardere nivo. Troch de hypoteekkrisis en de gefolgen dêrfan foar de banken, is sûnt healwei 2008 de kredytkrisis ûntstien. Yn oktober 2011 siet 9 persint fan de wurkbefolking fan it lân sûnder wurk.[22]
Ferkear
De Amerikanen brûke foar koarte en middelgrutte ôfstannen faak de auto en soms de bus. By in soad winkelsintra (malls) is de tagong sûnder auto amper mooglik. Stêden as Los Angeles binne hielendal op de auto rjochte. By de sneldiken kin der in skieding makke wurde tusken U.S. Highways binnen de steat en it Interstate-System dy't ferskillende steaten mei-inoar ferbynt. Op gruttere ôfstannen ride ferskate bussen. Bekend binne de Greyhound Lines.
Fleantugen wurde foar middelgrutte en langere ôfstannen brûkt. By de stêden New York, Atlanta, Boston, Chicago, Dallas, Denver, Houston, Charlotte, Salt Lake City en Los Angeles lizze de grutte ynternasjonale fleanhavens.
Yn ferliking mei Jeropeeske lannen hat de Feriene Steaten net in soad treinferbinings foar it ferfier fan minsken. Allinnich yn it noardeasten fan de Feriene Steaten leit in relatyf ticht treinnetwurk dat ridlik goed berekkene is op it ferfier fan minsken. Yn de omkriten fan Chicago en yn dielen fan Kalifornje binne de treinnetwurken fan lytsere betsjutting. Yn de rest fan it lân wurdt de trein suver allinnich mar brûkt foar it ferfier fan guod. De 'National Railroad Passenger Corporation' beheart ûnder de namme Amtrak it grutste diel fan de passazjiersferbinings.
Allinnich yn New York City en San Francisco is it iepenbier ferfier (bus, metro/tram) in goed alternatyf foar de auto.
Kultuer
Hoewol’t de kultuer oer it generaal los sjoen wurdt fan de Europeeske kultuer moat de Amerikaanske kultuer wol sjoen wurde as ûnderdiel fan de Westerske beskaving, lykas de dominante kultueren fan oare ymmigraasjelannen as Kanada, Austraalje en Nij-Seelân. It kulturele erfskip fan de ferskillende groepen kolonisten is ornaris noch goed te merkbiten yn datjinge wat de Europeanen en Latynsk-Amerikanen no as `typysk Amerikaansk` of `Anglo-Amerikaansk` sjogge. Dat docht bygelyks bliken út in ryk ferskaat oan kristlike streamingen yn de Feriene Steaten: de teologyske grûnslaggen kinne faak as Ingelsk yndield wurde, mar der binne net in soad selskippen dy’t in relaasje hawwe mei de Anglikaanske Tsjerke. De Afro-Amerikaanske kultuer hat benammen yn de muzyk en ferdivedaasje syn spoaren neilitten op it Amerikaanske erfskip. De kulturele yndrukken dy't de oarspronklike bewenners, de Yndianen, neilitten hawwe binne amper te merkbiten. Allinnich yn topografiske nammen komme relatyf noch in soad Yndiaanske wurden foar.
De Amerikaanske kultuer hat in grutte ynfloed op de rest fan de wrâld mei films, tv-searjes, literatuer, taal en moade. De spikerbroek, it T-shirt en it baseballpetsje komme fan oarsprong út de Feriene Steaten. Popmuzyk út de Feriene Steaten is oer de hiele wrâld te hearren. Dy muzyk is foar in grut part ôflieden fan muzykfoarmen lykas country and western, blues en jazz. In protte grutte muzikanten en wichtige orkesten yn de westerske klassike muzyk komme of kamen út de Feriene Steaten. Der binne oer de hiele wrâld populêre ikoanen út de Amerikaanske kultuer bekend: Walt Disney, John Wayne, Elvis Presley en Marilyn Monroe. Resintere foarbylden binne Madonna en Michael Jackson. New York City wurdt sjoen as in sintrum foar opera en ynstrumintale muzyk en hat it romrofte Broadway-teaterdistrikt dêr’t ûnder oaren in soad musicals te sjen binne. New York City en San Francisco binne oer de hiele wrâld lieders yn grafysk ûntwerp en New York en Los Angeles konkurrearje mei Europeeske moadestêden as Londen, Parys en Milaan yn de moade-yndustry. Amerikaanske films (meast opnommen yn Hollywood) en tv-programma`s kinne yn grutte dielen fan de wrâld sjoen wurde. Filmyndustryen yn oare dielen fan de wrâld brûke nammen dy’t lykje op de namme Hollywood: Bollywood yn Bombay, Nollywood yn Nigearia. De grutte Amerikaanske fastfoodrestaurants, dêr’t bytiden in soad krityk oer is, hawwe sawat oeral op de wrâld fêstigingen. Dêr kin by sein wurde dat Amerikaanske kapitaalyntinsive kultuerprodukten as TV en film it foardiel fan in grutte ynlânske merk hawwe yn ferliking mei dy út oare dielen fan de wrâld. Hja kinne, at se yn de Feriene Steaten suksesfol west hawwe, dus foar konkurrearjende prizen oer de hiele wrâld ferkocht wurde.
Net alle kulturele eleminten út de Feriene Steaten hawwe sukses yn oare lannen. Amerikaanske sporten lykas American football, honkbal en basketbal binne yn Europa fan lyts belang. Amerikaanske tv-dûmny’s binne somtiden wol op Europeeske tv-stasjons te sjen, mar de ynfloed is navenant lyts en de argewaasje fan Europeeske kristenen is bytiden grut.
In faaks noch wichtiger aspekt fan de Amerikaanske kultuer is de stimulearjende omjouwing foar wittenskiplik ûndersyk en technologyske ynnovaasje. Yn de ôfrûne iuw en dan benammen nei de Twadde Wrâldkriich hawwe de Feriene Steaten in grutte bydrage levere op it wittenskiplik en technologysk mêd. Benammen de IT-sektor ûntwikkele him fan de jierren santich yn it foarste plak hast allinnich mar yn de Feriene Steaten. Noch hieltyd binne de grutste softwarebedriuwen lykas Microsoft, Google Inc., IBM en Oracle Corporation, fan Amerikaanske oarsprong. De Amerikaanske driuw ta ynnovaasje oppenearret him ek yn in grut ferskaat oan Nobelpriiswinners yn de natuer- en skiekunde, en it binnenheljen fan wittenskiplik talint út oare dielen fan de wrâld.
Lânseigen kultueren
De likernôch 350 as stammen (tribes) beskôge Yndiaanske groepen, wêrfan't de leden har identifisearje as American Indians of Native Americans, wenjend yn in grut part fan 'e Feriene Steaten, foarmje gjin kulturele ienheid. De 225 erkende stammen fan de Alaska Natives (Yndianen, Aleoeten en Eskimo's) ferskille ek hiel bot, krekt as de lânseigen befolking fan Hawaï. Faak hat dat te krijen mei it etnisiteitferskil tusken de groepen. Se ûntwikkelen harren eigen identiteiten en kulturele strukturen ek ôfhinklik fan regio. It oantal Yndianetalen wie tige heech, mar in protte binne weirekke of mei útstjerren bedrige. De grutste taal is mei sa'n 150.000 sprekkers it Navajo.
Oan 'e kust fan de Stille Oseaan hie de fiskerij syn ynfloed op de kultuer. Yn dat gebiet binne grutte totempeallen, de grutste stiet yn Washington. Yn it binnenlân dominearren de jacht, sammeljen en rivierfiskerij. Yn de Grutte Bekken, de Plains, hiest bygelyks de bizonjacht. Troch de komst fan it hynder libben de Yndianen hieltyd mear as nomaden, sadat der sûnt de 17e iuw al sprake is fan in folksferhuzing. It easten rekke dêrtroch nei 1830 foar it grutste part ûntfolke (Trail of Tears), wêrtroch de kulturele ynfloed fan de Yndianen dêr net langer mear te merkbiten wie.
Skoalsysteem
It skoalsysteem kin ûnderskieden wurde yn primêr ûnderwiis (legere skoalle), sekundêr ûnderwiis (fuortset ûnderwiis), en postsekundêr ûnderwiis (hegeskoalle, universiteiten, ensafh.). It foech fan it ûnderwiis leit by de dielsteat. Elk fan de 50 steaten hat in fergees iepenbier skoalsysteem (public school system). It heger ûnderwiis kinne sawol private as oerheidsynstellingen wêze.
De skoalplicht is wetlik fêstlein op dielsteatnivo. Ofhinklik fan de steat begjint de skoalplicht tusken de 5 en 8 jier en einiget tusken de 16 en 18 jier.[23]
De bern begjinne ornaris mei fiif jier yn it ûnderwiis. De bern begjinne dan mei de Kindergarten (pjutteboartersplak). De Kindergarten wurdt ek preschool (foarskoalle) neamd. Nei de Kindergarten folget de Elementary School of Grade School. Dy hawwe trochstrings fiif klassen dy't grades neamd wurde. De klassen binne te ferlykjen mei de groepen 3 o/m 7 fan de basisskoalle yn it Nederlânske skoalsysteem. De Amerikaanske basisskoalle begjint mei seis jier en einiget as de bern alve binne. It fuortset ûnderwiis wurdt high school neamd en hat in skieding yn junior high of middle school (te ferlykjen mei ûnderbou) en de senior high (boppebou).
It postsekundêr ûnderwiis hat ferskate nivo's. Vocational education (beropsoplieding) liedt minsken op foar in spesifyk berop. De beropsoplieding duorret ornaris 2 jier. Ta it heger ûnderwiis wurde rekkene de community colleges, colleges en universiteiten. De community colleges biede in stúdzje fan twa jier mei in associate's degree, de colleges biede in program fan fjouwer jier mei oan 'e ein in bachelor's degree. De universiteiten biede trochstrings stúdzjes fan fjouwer jier of langer, oan de universitêre opliedings is meastal in master titel ferbûn.
Nasjonale Feestdagen
Der binne tsien merkeldagen dy't troch it bûnsregear oanwiisd binne. Hoewol dy strikt sjoen allinnich jilde foar minsken dy't foar it bûnsregear wurkje, wurde dizze dagen ornaris ek oernaam troch it regear fan de steaten apart, en is ek fierder hast eltsenien frij.
Kolumbusdei, twadde moandei yn oktober (wurdt allinnich fierd yn steaten mei in grut tal Amerikaanske-Italjanen)
Feteranedei, 11 novimber
Tankdei, fjirde tongersdei yn novimber
Kryst, 25 desimber
De yndividuele steaten ornearre sels de offisjele feestdagen foar harren steat. Iepenbiere ynstellings binne mei dy dagen al sletten, mar fral foar dagen dy't net bûnswiid jilde folgje bedriuwen net altyd de oanrekkommendaasje fan de steat, en wurkje dan gewoan troch.